Kevin Coyne

Coyne yn The Edge, Toronto 5 juny 1981

Kevin Coyne (27 jannewaris 1944, Derby - 2 desimber 2004, Neurenberch) wie in Britsk musikus, skriuwer en skilder. Coyne naam as sjonger en lieteskriuwer mear as 35, meastepart op de blues ynspirearre albums op. Hy waard beynfloede troch ûnder oaren Chuck Berry, Muddy Waters, John Lee Hooker en Jimmy Reed.

Coyne studearre grafyk en skilderkeunst oan de Joseph Wright School of Art en dêrnei oan de Derby College of Art. Oant 1968 wurke er as sosjaal wurker yn Lancashire. Dêrnei wurke er as riedsman foar drugsferslaafden yn Soho. Dy perioade hat in wichtige ynspiraasjeboarne west foar sawol syn betide as lette songs.

Fan 1973 ôf folgen acht tige produktive jierren. Hy levere mei-inoar alve LP's op. Fierder toerde Coyne troch Kanada, Austraalje, de Feriene Steaten en it Europeeske fêstelân. Ek wurke er yn it teäter mei selsskreaune muzikals. Dêrnei folget in foar Coyne tige swiere perioade, feroarsake troch de hektyk fan it sukses en neffens guon troch swier alkoholgebrûk. Yn dy tiid makke er in stikmennich swiersettige albums.

Yn 1985 gie Coyne nei Neurenberch yn Dútslân, dêr't er mei de Dútske Paradise Band in nije start makke. Sûnder drank kaam syn karriêre as skriuwer, sjonger en skilder wer fan de grûn. Op 2 desimber 2004 kaam yn syn nije heitelân in ein oan syn libben.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy